Hûzemerk lûkt lyts bytsje oan

14 jan 2010 - 11:43
  • Hûzen steane noch wol lang te keap

De hûzemerk yn Fryslân lit in licht werstel sjen. Dat docht bliken út sifers fan makeldersferiening NVM. De sifers oer it tredde en fjirde kwartaal fan 2009 binne gelyk bleaun. It oantal ferkeapen lûkt wer wat oan. It giet dan foar om hûzen fan minder as 250.000 euro.

De tiid dat in hûs te keap stiet, nimt noch altiten ta. Sa'n 30% fan de hûzen stiet in jier as langer te keap. De Fryske NVM tinkt dat it werstel dit jier fierder trochset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)