Skeel oer priis âld skoalgebou

De gemeente Harns en de Bouferiening kinne it net iens wurde oer de oername fan de âlde Alexanderskoalle yn Harns. Yn dy skoalle soe it Reade Krús en in opfang foar handikapten komme kinne. It gebou is taksearre op 850.000 euro, mar dat wol de Bouferiening der net foar betelje.
As de plannen oergean, stiet in projekt foar eilanner bern ek faai, want dat soe yn it âlde gebou fan it Reade Krús komme.