Cambuur freed net yn aksje

De wedstryd Cambuur-Fortuna giet freed net troch. It fuotbalbûn KNVB hat de njoggen wedstriden yn de Jupiler League dy't op it programma stiene, ôflast. De measte fjilden binne der sa min oan ta troch de snie en de froast, dat der net op spile wurde kin. De ferwachting is dat de waarssituaasje de kommende dagen noch ferminderje sil. De wedstryd Cambuur-Fortuna wurdt nei alle gedachten moandei 8 febrewaris ynhelle.