Ungelok: frou ûnderkuolle
By in ûngelok op de Oost yn Bûtenpost is in 39-jierrige frou út Stynsgea woansdeitejûn ûnderkuolle rekke. De frou kaam fan Burgum en hie troch de glêdens har auto net mear ûnder kontrôle. Se rekke yn de sleat.
De bestjoerster hie gjin ferwûnings, mar wol ûnderkuollingsferskynsels. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.