Frisse Wind mei 17 kandidaten

13 jan 2010 - 23:24

Inisjatyfnimmer Jennifer Steevensz is ek de listlûker fan 'Frisse Wind Harlingen', de nijste polityke partij yn Harns. Dat makke de partij woansdei bekend op de earste ledegearkomste. De partij is oprjochte troch tsjinstanners fan de ôffaloven yn Harns. Frisse Wind presintearre in list mei 17 kandidaten foar de gemeenteriedsferkiezings en hopet seis sitten te heljen.

De partij hat al hast 200 leden, 70 dêrfan wiene op de ledegearkomste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)