Taptoe Ljouwert wer de bêste

De taptoe yn Ljouwert is foar de fjirde kear op rige útkeazen ta bêste taptoe fan Nederlân. Besikers fan de webside Korpsmuziek.nl fine dat de Ljouwerters in moaie sjo deslette yn in sfearfolle hal yn it WTC Expo.
Der wurde jierliks tsientallen taptoes yn Nederlân hâlden mar de sjo yn Ljouwert skoart al jierren heech. Foaral de spektakulêr ljocht- en lûdseffekten binne populêr. Mei 5000 besikers heart Taptoe Ljouwert ta de grutste fan it lân.