Stroetinga wint Surhústerfean

Arjan Stroetinga (argyffoto)
Arjan Stroetinga fan Waskemar wie woansdeitejûn wer ris de sterkste yn de einsprint. Yn de earste maraton op natoeriis yn Fryslân op de nije baan fan iisklup Foarút yn Surhústerfean fersloech hy syn ploechmaat Bob de Vries. Stroetinga en De Vries diene it lytse peloton sear. De twa Friezen hellen de groep twa kear yn. Yn de einsprint gong Stroetinga binnentroch en wûn mei oermacht.
Der stiene mar 26 man op de startlist. Tongersdei is de 100 km fan Elburg.