Treinen Arriva bliuwe brommen

Arrivatrein op Ljouwerter stasjon
De gemeente Ljouwert kin neat dwaan tsjin it brommend lûd dat de treinen fan Arriva meitsje op it Ljouwerter treinstasjon. Dat is troch de Raad van State bepaald. De minsken wurde moarns betiid wekker fan ûnder oare it waarmdraaien fan de diesels. Bewenners fan de Hollanderwyk stapten nei de gemeente om it probleem op te lossen.
Omdat Arriva en Prorail net omlyk woene moast de Raad van State der in beslút oer nimme. Dêr docht út bliken dat Ljouwert Arriva net oanpakke kin.