Omrin moat bou REC stillizze

De ôffaloven yn Harns
De provinsje wol dat Omrin foarearst ophâldt mei de bou fan de ôffaloven yn Harns. Dit moat yn alle gefallen oant der in nije miljeufergunning is.
De Raad van State ferneatige woansdei de miljeufergunning omdat dizze op guon punten net doocht. De provinsje stjoert ynkoarten in ynspeksje nei Harns om de bou stil te lizzen. Dit betsjut lykwols net dat Omrin ek ophâlde moat mei bouwen. Omrin kin fuortdaliks beswier meitsje en dan fierder bouwe oan de ôffaloven.