Vos wint cross Surhústerfean

13 jan 2010 - 14:52
  • Koos Wieling yn petear mei Marianne Vos

Marianne Vos hat woansdei de fjildrit yn Surhústerfean wûn. Wrâldkampioene Vos ried al yn it begjin fan 'e wedstriid by har konkurrintes wei. De Dútse Hanka Kupfernagel waard twadde.

Vos wie bliid mei de oerwinning, want ôfrûne snein wie it har net slagge om nasjonaal kampioen te wurden. Dy titel gie nei Daphny van den Brand. Vos waard yn Surhústerfean ek huldige as winneres fan 'e KNWU-topkompetysje fjildriden. By de manlju gie Gerben de Knegt as earste oer de streek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)