Bûtenlokaasje museum yn bosk

13 jan 2010 - 12:03

It Ljouwerter bosk krijt in wichtige rol yn it Frysk natoermuseum. Yn it bosk wol it museum in bûtenlokaasje ynrjochtsje dêr't besikers sels ûndersyk dwaan kinne yn de natoer. Benammen bern soene dêr oan de slach moatte. It ûndersyk yn it Ljouwerter bosk moat in fêst ûnderdiel wurde fan in besite oan it museum.

Mei in pream wurde de besikers fan it museum nei it bosk brocht. En sa'n besite oan echte natoer is foar de minsken heech nedich, fynt de direksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)