RvS: gjin miljeufergunning REC

13 jan 2010 - 10:23
  • De Harnzer ôffalferbaarningsoven hat gjin jildige miljeufergunning (foto: André Minkema)

De Raad van State hat de miljeufergunning fan 'e provinsje foar reststoffe-enerzjysintrale REC fan Omrin yn Harns ferneatige. Dat docht bliken út in útspraak fan de Raad van State fan woansdei. De stichting Afvaloven Nee, Stichting Natuur en Milieu en de Waadferiening wiene yn berop gien tsjin de miljeufergunning.

Neffens de Raad van State hie de provinsje de noarmen foar de útstjit fan sâltsoer en swaveldiokside better motivearje moatten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)