KNRM-boat Amelân fêst yn iis

De rêdingboat kin troch it iis gjin kant op (foto: Jeanet de Jong)
De rêdingsboat fan de KNRM op It Amelân kin net útfarre. De boat sit fêst yn it iis. Neffens de KNRM komt dat troch de eastewyn. De boat leit yn de Ballumerbocht, oan de súdkant fan it eilân, en de wyn waait rjocht dy bocht yn. It net útfarren fan de boat smyt noch gjin problemen op.
De rêdingsboaten fan de oare eilannen farre noch wol. Boppedat stiet de helikopter paraat foar pasjinteferfier nei de fêste wâl. Dêrneist farre de fearboaten noch wol.