Auto's fan dyk troch glêdens

13 jan 2010 - 09:50

Rûnom yn Fryslân binne woansdei auto's fan 'e dyk rekke troch de glêdens. Fral op de A32 by Haskerdiken ûntstienen problemen. Woansdei betiid botsten dêr twa auto's tsjin de fangrail, mar ek letter rekke noch in automobilist tsjin de fangrail.

Tusken Akkrum en Haskerdiken hie it ferkear as gefolch dêrfan lêst fan fertraging. Ek op de Lauwersseewei ûntstie in oanriding troch glêdens. Dêrby wiene twa auto's belutsen, ien bedarre op de kop yn de feart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)