Veenstra no boargemaster

12 jan 2010 - 19:51

De eardere wethâlder fan Smellingerlân, Fred Veenstra, is tiisdei beëdige as boargemaster fan Frjentsjerteradiel. Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma naam Veenstra de eed ôf by in spesjale riedsgearkomste.

Veenstra liet by syn ynstallaasje witte dat er fynt dat der op koarte termyn maatregels naam wurde moatte tsjin it leechrinnen fan Noardwest-Fryslân. Gemeenten moatte dêr mei-elkoar oer te set, sa fynt Veenstra.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)