Soad skelpen oanspield

Op it strân fan It Amelân binne oer in lingte fan 12 kilometer miljarden Amerikaanske mesheften oanspield. Op it strân by Nes en Bueren lizze de swurdskedes op bulten fan soms wol 50 sintimeter heech. Oarsaak is de noardeastewyn dy't de skelpen fan de grûn losmakke hat.
Al fan septimber ôf spiele skelpen, krabben en skeletten fan see-egels oan mar safolle as no is unyk. Foar de fûgels is dat in tafaller. Dy frette har der massaal fol oan.