Keatsklup siket bestjoer

Keatsferiening de Twa Doarpen fan Seisbierrum en Pitersbierrum sit noch altyd mei de hannen yn it hier. Fjouwer fan de sân bestjoersleden binne opstapt omdat har termyn der opsiet. Mar der binne gjin nije kandidaten.
Yn in ekstra fergadering moandei waard in oprop oan beide doarpen dien. Der kamen 40 minsken op ôf. Ien kandidaat melde him. In spesjale kommisje sil no minsken persoanlik benaderje mei de fraach om bestjoerslid te wurden.