Hannel startkaarten mei net

12 jan 2010 - 12:18

Twa minsken dy't har startkaart te keap oanbean ha op it ynternet ha in mail krige fan de Alvestêdeferiening mei in warskôging dat se har net oan de regels hâlde. It is lykwols net sa dat se dêrmei no al har lidmaatskip foar dit jier ferspile hawwe. Dat seit foarsitter Wieling fan de feriening.

Op Marktplaats binne kaarten te keap oanbean dêr't maksimaal 450 euro foar bean is. De feriening is noch net sa fier dat se leden royearje. Dêroer moat noch praat wurde yn it bestjoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)