Steppe mei sukses opereard

12 jan 2010 - 11:59

Hearrenfeankeeper Kenny Steppe is mei sukses opereard yn it sikehûs fan Gent. De Belgyske keeper moast ûnder it mes omdat in breuk yn syn hân net goed herstelde. Syn lichem makket net genôch kalk oan. No ha se út syn bekken in stikje bonke helle en op it plak fan syn breuk pleatst. Steppe moat no acht oant tsien wiken mei in gipsspalk rinne.

Oussama Assaidi krige in blessuere yn it trainingskamp yn Turkije. Hy hat lêst fan in bilblessuere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)