Jild Kloostermanpriis omheech

12 jan 2010 - 11:24

Winners fan de Simke Kloostermanpriis foar it bêste Frysktalige berneboek krije tenei hast twa kear safolle prizejild as foarhinne. It bestjoer efter de priis fynt dat de skriuwers mear wurdearring fertsjinje. It prizejild giet no fan 1750 nei 3000 euro.

It bestjoer wol ek de regels foar it takennen fan de priis wat oanpasse. De earstfolgjende útrikking fan de priis is op 8 maaie. De priis bestiet sûnt 1983.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)