Elektrofyts hat romte nedich

30 mrt 2012 - 15:51

Minder krúspunten, bredere fytspaden en ynhelstroken foar elektryske fytsen. Dat binne in pear oanbefellings fan 55 twaddejiers learlingen fan it Technasium fan skoalmienskip Liudger yn Drachten. De learlingen ha yn acht groepen it effekt fan 'e elektryske fyts ûndersocht.

Hieltyd mear minsken keapje sa'n fyts, mar de ferkearssituaasje feroaret yn de regel net. Elektryske fytsen kinne folle flugger as gewoane fytsen en moatte mear romte krije yn it ferkear. It Fytsersbûn sil mei de útkomsten fan it ûndersyk oan de slach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)