Oanhâldings fjoerwurkynsidint

12 jan 2010 - 10:51
  • Elske Korenstra moast har rjochtereach misse

De plysje hat tiisdei in 23-jierrige man út Harich en in 22-jierrige man út Warns oanholden. De twa wurde troch de plysje neier ûnderfrege oer it fjoerwurkynsidint op 2 jannewaris by de Klink yn Koudum. Dêrby krige in 16-jierrich famke fjoerwurk yn it gesicht, wêrtroch't se har rjochtereach misse moat.

Nei it ynsidint begûn de plysje in grut ûndersyk. Der is mei mear as 60 jongeren praten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)