Eigners socht fan stellen guod

12 jan 2010 - 10:24

De plysje siket de eigners fan stellen guod, sa as in digitale kamera en in televyzje. De apparatuer is fûn by twa ynbrekkers út Den Haach. Sy waarden hjir yn Fryslân op de died betrape doe't sy oan it ynbrekken wiene.

In diel fan it spul is yntusken al werom by de rjochtmjittige eigners, mar de plysje wit dus net fan alle apparatuer wa't de eigner is. It spul is ek te sjen op dadergezocht.nl.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)