Fiif laptops stellen

12 jan 2010 - 10:21

By in ynbraak yn in kompjûtersaak yn Ljouwert binne ôfrûne nacht fiif laptops stellen. Doe't it ynbraakalarm ôfgie, gie de plysje nei de winkel oan de Tynjedyk ta. Dêr die bliken dat der in etalaazjerút fernield wie en fiif laptops fuort wiene.

De plysje hat in ûndersyk ynsteld. Dêrby wurde ek kamerabylden brûkt dy't fan de ynbraak makke binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)