Dieven oanholden op 'e Jouwer

De plysje hat moandei op 'e Jouwer twa manlju oanholden foar stellerij. it giet om in man fan Snits (29) en in Jouster (34). Personiel fan in boumerk oan de Firmawei seach dat de twa har fertocht gedroegen yn de winkel. Ien fan har pakte in doaze mei dêryn in befeiligingskamera.
Eefkes letter waard de lege ferpakking fûn yn de boumerk. Doe't de manlju by de kassa mar ien oar produkt betellen, waard de plysje warskôge. Dy koe de manlju op it parkearterrein oanhâlde.