Man oerfallen yn It Fean

12 jan 2010 - 09:37

In ûndernimmer út It Hearrenfean is sneontemiddei oerfallen troch twa mannen. De Feanster woe krekt nei healwei seizen syn jild stoarte yn de klûs fan de ABN Amrobank oan de Coehoorn van Scheltingaweg. De man moast rinnend nei de klûs om't it paad blokkearre waard troch in wyt buske.

Twa mannen bedrigen de ûndernimmer mei in fjoerwapen. Dy draafde fuort, mar kaam troch de glêdens te fallen. De oerfallers bedrigen de man op 'e nij mei it wapen en skopten him.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)