'Spread' nij Frysk popblêd

11 jan 2010 - 22:02
  • "Spread", it nije popblêd fan Fryslân

Dizze wike is it earste nûmer fan it popblêd Spread útkommen. Yn it blêd wurdt skreaun oer de Fryske popkultuer. It ferskynt eltse twa moannen en is fergees. Neist in konsertaginda en resinsjes stean der ek ynterviews yn it blêd mei Fryske bands en sjongers. It blêd wurdt ferspraat fia û.o. skoallen, kroegen, winkels en jongerensintra.

Spread is in útjefte fan Friesland Pop en komt ta stân yn gearwurking mei 3voor12 Friesland en de VPRO.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)