Jesper Hospes wint NK

11 jan 2010 - 21:36

Jesper Hospes fan It Hearrenfean is yn Dalfsen nasjonaal kampioen op de koartebaan wurden. De 21-jierrige reedrider liet alle konkurrinsje achter him. Omdat net ien fan de fjouwer riders yn de finale al syn trije ritten wûn, joech de totaaltiid de trochslach. Michael Poot waard twadde, Michel Mulder tredde.

Der wie in hiel soad publyk, omdat it de ôfskiedswedstriid fan Erben Wennemars wie. Dy fleach der lykwols nei de twadde omloop al út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)