Referindum oer nij Thialf

Gemeentebelangen wol de befolking meiprate litte oer it nije Thialf
Gemeentebelangen fan de gemeente Hearrenfean wol dat de befolking yn maart frege wurdt wat sy fine fan de plannen foar in nij Thialf. In nij Thialf hat grutte gefolgen foar It Hearrenfean en omjouwing. De definitive plannen wurde nei de ferkiezings presintearre, sadat de kiezers harren der net oer útsprekke kinne.
Gemeentebelangen is bang dat in beslút dan by de kolleezje-ûnderhannelings achter sletten doarren nommen wurde sil.