Aksjes amtners foar CAO

CNV, ABVA-KABO FNV en CMHF fiere mei-elkoar aksje foar in nije CAO
De fakbûnen fan amtners sille aksje fiere foar in nije CAO. De ôfrûne moannen hat der oerlis west oer dy nije CAO, mar sûnder resultaat. De fakbûnen geane perfoarst net akkoart mei de foarstelde nul persint leansferheging en wolle dat de wurkjouwers harren hâlde oan de ôfspraken út it sosjaal akkoart. Dat hâldt yn dat der keapkrachtbehâld en wurksekerheid wêze moat.
Op 3 febrewaris is in lanlike aksjedei, dêrnei komme estafette-aksjes.