Teisnie gefaar foar boaten

11 jan 2010 - 20:14

It dikke pak snie is in bedriging foar alle boaten dy't bûten lizze. Havenmaster Sipke Schilt fan de Jouster Watersport ropt boateigners op om alle snie fan harren boat ôf te heljen. Yn syn twa jachthavens lizze tal fan boaten mei dêrop in dik pak snie. As it teiwaar wurdt rint de boat fol mei wetter en kin dan sinke.

Neffens Schilt is dat in risiko dêr't in soad boateigners net by stil stean. Yn de ekstreme winter fan 1979 sonken ek in soad boaten troch teiwetter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)