TON inkeld op H'fean op list

11 jan 2010 - 16:18

De partij Trots op Nederland fan Rita Verdonk docht yn Fryslân allinnich yn de gemeente Hearrenfean mei oan de gemeenteriedsferkiezings. It wie te koart tiid om ek yn oare gemeenten in ôfdieling op te setten.

TON docht lanlik yn 38 gemeentes mei. De partij wol ûnder oare dat gemeentlike lesten net heger wurde as de ynflaasje. Fierders moat jeugdfinzenis Het Poortje net oan 'e autodyk A7 komme, fynt TON. De partij fynt ferkear ek tige wichtich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)