Spesjale Waadpostsegel

11 jan 2010 - 16:05

Der komt in spesjale postsegel ta gelegenheid fan it 45-jierrich bestean fan de Waadferiening en de beneaming fan de Waadsee as wrâlderfguod. De segel wurdt útjûn troch TNT-post en de Waadferiening.

Op de postsegel fan 44 sint binne de sylhûetten fan ûnder oare in seehûn, in moksel en in strânkrabbe te sjen. De earste Waadseepostsegel wurdt tiisdei oanbean oan waarman Pyt Paulusma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)