Nachtfleanen begjint wer
De fleanbasis Ljouwert begjint fan moandei ôf wer mei jûnsfleanen. De F16's fleane fan de neimiddei ôf oant en mei alve oere jûns. Mei it jûnsfleanen kin de nije nachtsichtapparatuer test wurde. De apparatuer kin allinnich test wurde as it tsjuster is.
It jûnsfleanen is wichtich foar de piloaten omdat de F16's ûnder oare nachts ynset wurde yn Afganistan.