Soad wurk foar CV-monteurs

Underhâldsbedriuwen hawwe it drok mei minsken dy't problemen hawwe mei de cv-tsjettel of mei de geiser. Troch de kjeld moatte de ferwaarmingsapparaten hurder wurkje as oars. Yn sokke gefallen giet der wolris wat stikken.
Sa binne de monteurs fan Energie Service Friesland al wikenlang dei en nacht ûnderweis om steurings te ferhelpen. It bedriuw seit it drokker te hawwen as oars, mar it wurk noch wol oan te kinnen.