Sâltwinning Seisbierrum begûn

11 jan 2010 - 12:04

Frisia Sâlt is moandei mei de sâltwinning by Seisbierrum út ein set. De sâltput wie al in skoft ticht, mar minister Van der Hoeven joech tastimming ta weriepening. Troch de oanhâldende winter is yn hiel Nederlân grut ferlet fan pikel

Sâltwinning soarget foar in soad krityk om't de grûn dêrtoch fersakket, no al mear as 20 sintimeter. Gebouwen fersakje mei en dat smyt skea op. De winning by Seisbierrum sil twa moanne duorje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)