Brân yn Ljouwerter serviceflat

De brânwacht fan Ljouwert is sneintejûn krekt foar alven útrukt foar in kelderbrân yn serviceflat Aldlânstate yn Ljouwert. Omdat yn de flat oan de Hempenserdyk 241 benammen âldere minsken wenje waard grut alaarm slein.
Dat bestjut dat ferskate helptsjinsten en ek boargemaster Crone oanwêzich wiene. Dat wie efternei net nedich, want de brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Der is nimmen ferwûne rekke en der is ek hast gjin skea.