Pyt:'winter noch lang net oer'

10 jan 2010 - 17:47
  • Pyt Paulusma: foarearst hâlde we winter

Waarman Pyt Paulusma hat it al fjouwer wiken smoardrok troch it waar. Neist de gewoane waarberjochten, jout hy waarwarskôgings ôf en hy wurdt plat belle troch media oer in alvestêdetocht.

Pyt is der fan oertsjûge dat de winter noch lang net oer is. Mar in alvestêdentocht, dêr't benammen yn Hollân oer spekuleard wurdt is ek noch lang net oan de oarder. Dat moat Pyt in pear kear deis útlizze oan lanlike media.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)