Fjirde Europeeske titel Sven

Sven Kramer is snein yn it Noarske Hamar foar de fjirde kear op rige Europeesk kampioen wurden. Dat is yn de reedrydhistoarje noch nea earder bard. Sneon lei Kramer de basis mei in fjirde plak op de 500 meter en winst op de 5 kilometer.
Op de lêste dei waard Kramer twadde op de 1500 meter efter Enrico Fabris, mar de tsien kilometer wûn hy. Fabris waard twadde en de Rus Ivan Skobrev eindige op it tredde plak yn it einklassemint.