SCO ferrast tsjin Vada

De SCO seleksje
SCO hat ek de twadde wedstriid yn 2010 wûn. Yn Sporthal De Steense fan Wolvegea waard Vada mei 23-20 ferslein. It begjin fan de ploech út Aldeholtpea wie striemin. Yn in sucht en in skeet stie Vada op in 5-0 foarsprong. Dêrnei kaam SCO better yn de wedstriid en spile de ploech út Wageningen minder. Healwei wie it 12-11. Yn de twadde helte koe SCO de foarsprong útwreidzje nei trije punten.
CSL ferlear sneon yn Wormer mei 24-18 fan Groen Geel.