Skoallen jouwe 1e oere frij

Snieskowers meitsje de Ljouwerter rûnwei skjin (foto: Freddy Sieperda)
De learlingen fan CSG Comenius en Piter Jelles yn Ljouwert hawwe moandei it earste lesoere frij. Dat hawwe de direksjes fan beide skoalmienskippen besletten fanwege it waar.
De learlingen en dosinten hawwe sa mear tiid om op in normale en feilige manier op skoalle te kommen. De lessen begjinne no op it twadde lesoere.