Nijenhuis nei WK Sprint

10 jan 2010 - 14:37
  • Beorn Nijenhuis (foto: Martin de Jong)

Beorn Nijenhuis fan It Hearrenfean hat him op it NK sprint yn Grins pleatst foar it WK sprint yn Obihiro, Japan. De sprinter einige op de ôfslutende 1000 meter as tredde achter Stefan Groothuis en Mark Tuitert. Dit wie ek de stân yn it einklassemint en genôch foar in startbewiis.

Sietse Heslinga einige yn it algemien klassemint op it sechsde plak, Sjoerd de Vries op it njoggende plak. It WK sprint is takom wike sneon en snein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)