Fiif ferwûnen by auto-ûngelok

10 jan 2010 - 14:24

Twa froulju en trije bern út Makkum wiene sneontemoarn belutsen by in iensidich ûngelok op de Sudergoawei yn Koudum. De 42-jierrige bestjoerster fan de auto rekke troch de glêdens yn de slip en ried dêrtroch tsjin in beam.

De bestjoerster en de oare ynsittenden fan de auto, in 39-jierrige frou en trije bern fan 9 en 10 jier binne foar ûndersyk nei it sikehûs yn Snits brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)