Fabris flugger as Sven op 1500

Sven Kramer: oan de lieding nei trije ôfstannen (foto: Martin de Jong)
Sven Kramer giet nei trije ôfstannen op it Europeesk kampioenskip reedriden yn Hamar noch hieltyd oan de lieding. Kramer ferlear de lêste rit op de 1500 fan 'e Italiaan Enrico Fabris, mar dy syn foarsprong wie net grut genôch om Kramer yn it klassemint foarby te gean. Fabris wûn de 1500 meter wol. Syn tiid fan 1.46,37 wie fierwei de bêste fan de middei. Sven waard twadde mei 1.47,05.
Op de tsien kilometer hâldt Kramer in goeie oardel sekonde oer op Fabris.