IIswaadrintocht wurdt ynkoarte

Byld fan 'e Waadrintocht fan sneon by Marrum
De iiswaadrintocht fan snein oer it Waad by Pieterburen is fanwege it waar oanpast. De kuierroute is ynkoarte en giet no fral troch de polder en oer de kwelders. De dielnimmers geane net fierder it Waad op. Dochs sille sy foar in part oer iisskossen rinne.
Santich dielnimmers binne snein mei de kuier úteinset. Tachtich minsken hawwe har ôfmelden fanwege it waar. Sneon diene hûndert minsken mei oan it Waadrinnen by Pieterburen en fjirtich by it Noarderleech by Marrum.