Warskôging foar sniedunen

10 jan 2010 - 09:30

Ferkear yn Fryslân moat op alle diken rekken hâlde mei mooglike sniedunen. Dêrfoar warskôgje Rykswettersteat en provinsje. Alhoewol't beide organisaasjes drok dwaande binne de diken skjin te hâlden slagget dat net altyd.

Benammen yn it noarden fan Fryslân ûntsteane dunen, mar ek op oare diken kin dat it gefal wêze. Omdat de snie en de wyn de kommende oeren noch oanhâlde, sil der foarearst noch gjin feroaring komme yn de sitewaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)