Treinen ride noch wol

10 jan 2010 - 08:45

De treinen fan Arriva nei Grins, Harns en Starum ride. Ek de treinen fan de NS tusken Ljouwert en Swolle ride. De NS hat sneontenacht yn it noarden lege treinen ride litten om foar te kommen dat de wissels fol mei snie komme te sitten en net mear wurkje soene.

De bussen fan Arriva, Connexxion en Q-buzz rieden sneintemoarn betiid noch wol. Letter op de dei waard it busferfier stillein. Fan Connexxion gliden twa bussen fan 'e dyk by de Werpsterhoeke en by Lauwerseach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)