Grutte diken ridlik, lytse net

Rykswettersteat meldt dat de rjochterrydstroken fan de rykswegen ridlik te begean binne. De oare stroken minder goed omdat dêr it sâlt noch net ynwurke is. Rykswettersteat hat de hiele nacht dwaande west om de diken begeanber te hâlden en sil dat ek sneintemoarn noch dwaan. Mar op guon plakken binne der wol sniedunen.
De organisaasje advisearre sneontejûn minsken dy't der net driuwend út hoege al om thús te bliuwen. Dat advys jildt ek snein noch.