Flyers ferlieze fan Nijmegen

10 jan 2010 - 00:12

De iishockeytopper tusken de Hajé Flyers en Nijmegen levere sneon in oerwinning op foar de koprinner. Yn in spannende wedstriid wûn Nijmegen mei 5-4 fia de perioadestannen 1-3, 1-1 en 2-1.

Sûnder de blessearde Paul Vincent kamen de Flyers mei 1-0 foar, mar moasten ferfolchens de hiele wedstriid yn de achterfolging. Nettsjinsteande in sterk slotoffinsyf woe de lykmakker net falle. Troch it ferlies sakje de Feansters nei it tredde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)