Opnij ferlies foar Aris

09 jan 2010 - 23:42

De Friesland Aris hat ek de twadde wedstriid yn 2010 ferlern. Zorg en Zekerheid Leiden wie yn de eigen hal mei 83-72 te sterk. De Ljouwerters joegen wol partij, mar koene net ien kwart mei winst ôfslute. Mei 21-16, 20-16, 21-18 en 21-20 luts Leiden hyltyd oan it langste ein. By Aris spilen Keith Spencer (ankelblessuere) en Jayme Miller (harsenskodding) net mei.

Aris stiet no op it sechsde plak. De Ljouwerters ha njoggen wedstriden wûn en tsien ferlern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)